Tonto Mundo
Hilda Talsma
€9,95
Details
Duco is faak lilk, om’t syn âlden him net altyd begripe en hy wat oars wurde wol as sy yn ’e holle ha. Olivia like altyd sa leaf, mar as se in stunt úthellet om in klasgenoate op har plak te setten, sjocht it der hiel oars út. Beide wurde se nei in biste-opfang stjoerd, dêr’t de eksintrike Loes harren oan it wurk set. Duco moat in hynstestâl bouwe en Olivia moat in keunstwurk meitsje. En dan wurdt dúdlik wat har beiden sa dwers sit.
Oansprekkend jongereinboek foar learlingen fuortset ûnderwiis oer twa bern dy’t leare om te gean mei wat har dwers sit.
Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
De tún fan Trip
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
Jentsje syn pemper
It portret - Audioboek
Keukendoek Fryslân
Kaart: Bûter, brea en griene tsiis (Friese spreuktegel)
Tys pop
Theezakjehouder Fryslân
Gasten tegen wil en dank
De triennen fan Cheetah - winner Rink van der Veldepriis 2016
Ik wol in bosk op ’e jierdei
Kaart: Dikke tút!
Onderzetters Friese spreuken
de Fries - Op zoek naar de Friese identiteit
De bruorren Liuwehert
It leafst bin ik in fûgel
Skoare by FC Top - Audioboek
De Gruffalo
Rozige maanvissen - Gedichten
De roman fan Walewein
Tie Break