Kategoryen

No products in the cart.

WO2

Dit jier is it 76 jier lyn dat Nederlân befrije waard. Der binne mei ferrin fan tiid in soad boeken ferskynd oer de Twadde Wrâldoarloch, de tiid derfoar én dernei. Yn dizze kategory fynst skiednisboeken oer dy perioade. Boeken yn it Frysk en boeken oer Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Toan 1–18 fan 'e 52 resultaten

Oangripende titels
Lykas yn it Nederlânsk binne ek yn it Frysk oangripende boeken te finen oer de Twadde Wrâldoarloch. Yn dizze kategory hat de Afûk boeken oer dy perioade sammele. Nim bygelyks ‘Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië’ en ‘It ferdielde libben’. In soad boeken binne tige geskikt te brûken rûn it tema 75 jier befrijing.

Anne Frank
It boek ‘Het Achterhuis’ is ien fan de meast lêzen boeken op ‘e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Yn 2015 is it boek op ‘en nij yn it Frysk útjûn troch de Afûk. Hjir yn de webshop fynst ‘It Achterhûs’.