Kategoryen

No products in the cart.

Skerp oan 'e wyn

Johannes Spyksma

20,00

Details



Yn Skerp oan ‘e wyn bringt Johannes Spyksma de útkomsten fan troch oaren diene  ûndersiken oer de leefberheid fan Fryslân en it loksfielen fan de Friezen yn ferbân mei de útkomsten fan syn ûndersiken oer leefberheid. Dêrta wurdt oan kranten, tydskriften en boeken materiaal ûntliend. Hy makket ek gebrûk fan guon ûnderfinings dy’t er as Frysk Steatelid hân hat. Troch him yntrodusearre leefberheidsmjitstêven dogge tsjinst om nei oanlieding fan wat er yn de boarnen oantrof in tal konstatearrings te dwaan. Dat liedt ta (algemiene) konklúzjes oer it tapassen fan de leefberheidsmjitstêven troch de bewenners. Yn it lêst haadstik wurde in tal wurkfoarmen nei foaren helle dy’t by it wurkjen oan leefberheid brûkt wurde kinne.

Johannes Spyksma wie nei in oplieding ta ûnderwizer redakteur fan it Frysk Programma fan de Regionale Omroep Noord en Oost. Neitiid is er toanieladviseur. Nei in oplieding yn de Sosjale Wittenskippen is er yn Ljouwert dosint by it Sociaal Hoger Onderwijs. Fan 1978 oant 1992 makket er diel út fan de Provinsjale Steaten. Hy promovearret op it ûnderwerp politike beynfloeding, dêr’t er ek in Hânboek foar makket. Fan 1990 ôf ferdjippet er him yn it tema leefberheid.

Author : Johannes Spyksma New label : 1 Pages : 281 Language : Frysk Publisher : Stifting Frija Format : Softcover Kategory: , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
15,00
Fryslân als open gemeenschap
Yn winkelwein
15,00