Kategoryen

No products in the cart.

Fergút

Guillaume le Clerc

17,50

Details

Fergút is in Britse ridderroman, mei as haadpersoan in sljochtwei boerejonge, dy’t úteinlik ridder wurdt. De tekst datearret út de twadde helte fan de 13de ieu. It is it súksesferhaal fan in soan fan boer Somilet en syn frou, dy’t wòl fan adel is. De jonge, troch syn strange heit oan ‘t wurk set efter de ploege, sjocht de jachtstoet fan de kening foarbygean. Dat makket yn him de winsk wekker om ek nei ‘t hof ta. Hy ferpoft it swiere wurk langer en freget wapens. Syn heit, earst poer, jout ta, as syn mem foar him opkomt. Mei in rustige wapenrissing giet er op wei.
Op syn hynder rydt er de grutte hofseal fan Artur yn en wurdt ta ridder slein. Hy kriget de drege opdracht de Swarte Ridder te ferslaan en in jachthoarn en in wale te heljen. Dat is de tradisjonele queeste (speurtocht). Fergút slacht oare oanfallers net dea, mar stjoert har nei Artur syn hof. Underweis moetet er de moaie Galine, in omkesizzer fan de slothear, dy’t him gastfrij ûntfongen hie. Galine ûntflammet fuort yn leafde foar Fergút.

Fergút is in fleurich, optimistysk boek yn geef, hjoeddeisk en linich Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Author : Guillaume le Clerc ISBN : 9789089541512 Pages : 184 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Translator : Klaas Bruinsma Kategory: , , .