Kategoryen

No products in the cart.

Jou my de romte!

Bart Kingma

9,95

Details

Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn ‘e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy’t ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan…

Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsjin mysels sizze moat dat ik okee bin. Die ‘t froeger noait. Noait ha ik mysels fertelle moatten dat ik net sneu bin. Ik bin ommers net sneu. Mar no moat ik it lûdop sizze. Oars begjin ik oan mysels te twiveljen. Is der miskien dan toch wól wat mis mei my? Nee toch? Nee! Toch?

9+


Marrit Jongbloed: “It boek is foar bern út de boppebou maklik te lêzen, om’t de sinnen frij koart binne en der gjin drege Fryske wurden yn steane. Ek kinne sy harren maklik identifisearje mei de persoanen dy’t yn dit boek nei foaren komme. As je ienkear oan it boek begjinne, dan wolle je it ek sa gau as mooglik útlêze om te sjen hoe’t it mei de pesterijen om Anno hinne ôfrinne sil.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Marrit.

Jolanda Bandsma: “It moaie fan it boek fyn ik dat Anno en syn lotgenoaten begrip ha foar de pesters en bern dy’t pest wurde. Dat is in goeie basis. Begrip hawwe foar elkoar. It klinkt no miskien as in belearend boek, mar dat is it beslist net.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jolanda.

Author : Bart Kingma ISBN : 9789493159532 New label : 1 Pages : 121 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Softcover Illustrator : Marijke Klompmaker Kategory: , , , .