Kategoryen

No products in the cart.

Wês wiis mei nuvere houtsjes

Meindert Bylsma

19,50

Details

Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd.

In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken.

Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegear snie, Moard yn ‘e hite hei en Moard yn tsjerke. Fierders skreau er de assosjaasjeroman It iene hellet it oare út, de novelle En dêr marsjearje ik hinne en twa bondels ferhalen en oertinkingen: Rys mei rezinen en In balpinne tsjin de râne fan it trotwaar.

Author : Meindert Bylsma ISBN : 9789463655231 New label : 1 Pages : 187 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , , .