Kategoryen

No products in the cart.

De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan

Astrid Kuiper

17,50

Details

Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing…
Underwilens freget Fleur har ôf wêr’t de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe’t de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle.

De dei dat se de ferrassing bringe sille, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing?

It mei net útmeitsje wêr ’st wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe ’st derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa ’st bist en datst hâlde meist fan wa ’st wolst.

Author : Astrid Kuiper ISBN : 9789491536908 New label : 1 Pages : 40 Language : Frysk Publisher : útjouwerij Louise Format : ynbûn Illustrator : Marijn van der Wateren Kategory: , , , , , , .