De wylde iris - gedichten
Louise Glück
€20,00
Details
Louise Glück (1943-2023) wie in Amerikaanske dichter, dy’t yn 2020 de Nobelpriis foar literatuur krige foar ‘har ûnmiskenbere poëtyske stim dy’t mei sobere skjintme it individuele bestean universeel makket’.
Sels sei se: ‘Myn gedichten binne fertikale gedichten. Se stribje en grave. Se dije net út, se lizze net út. Fleurige poëzy bestiet net, alteast amper de muoite fan weromtinken wurdich.
Krekt omdat gelok foarby giet, sjoch ik dat as bûtengewoan tragysk. De dea is faak oanwêzich, mar de dea kin my net skea dwaan, net mear as it libben.’
Anke Mulder-Piebenga oer har driuw om dizze bondel oer te setten: ‘In pear moanne nei dat myn man begroeven wie krige ik tafallich, as hie it sa moatten, de dichtbondel The Wild Iris fan Louise Glück yn hannen. Ik blêde der yn om en it earste gedicht, dat ek ‘The Wild Iris’ hyt, pakte my daliks. It gie oer in blom djip yn ’e grûn dy’t yn de maitiid wer boppe komt, mar wat wie de betsjutting? Gie dit oer dea en werberte, oer hoop, striid en it finen fan in nij lûd, in nije stim? Ik tocht: dit moat ik oersette nei myn memmetaal. Nei dat earste gedicht koe ik net ophâlde en fielde ik it hieltyd better oan: de natuer wurdt brûkt as metafoar, der wurdt ús in spegel foarhâlden. De planten yn de gedichten hawwe net allinne har eigen stim, mar ek de stim fan de Skepper. En sa leit hjir no de hiele bondel.’
David Copperfield - Charles Dickens
Hear fan 'e Miggen
Evening - Equinox
Zwarte magie - black magic
De aap foar de bokkewein
It grutte Pake en Beppe Foarlêsboek
Griene simmer
A Slow Food Guide to Friesland
De Fries die in de toekomst sprong - Fries modernisme in de jaren zestig
Blommen - Fryske natoergids
Tomke en de bijen
Sjoerd Huizinga - De avonturier van Yn 'e line
Ferdban - Oudfriese oorkonden en hun verhaal
Boerderijen van het Leeuwarder Sint Anthony Gasthuis (1400-1950)
Kaart: Samar...
De schilders van het Friese land
Kaart: Dikke tút!
Wêr is Stip
Kaart: Hoi pake & beppe!
Oarloch yn en om Grou - 1940-1945
Kaart: Skries
Friese kerken - een inleiding
Woordenlijst Nederlands-Bildts
Iet - Hoe een Amsterdamse studente 150 Joodse kinderen hielp onderduiken
Sin oan
Ik wurd mem
Timen op ’e tegels
Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe.
Moriaan, de Swarte Ridder
Glans op het wad, Texel Vlieland Terschelling Ameland en Schiermonnikoog
Ik wol in bosk op ’e jierdei
Kulturele autonomy yn Fryslân
It hûs fan Simen
Rozige maanvissen - Gedichten