Kategoryen

No products in the cart.

Jacht op de Codex Frisicus - Fryske thriller

Willem Schoorstra

22,50

Details

Psychologyske thriller

As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr’t ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy’t de libbens fan tal minsken op ‘e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij. Troch de ûnderfinings dy’t in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr’t de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen.

Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske triller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf  sawol yn de wrâld fan no as yn dy fan de earste iuw nei Kristus.

‘Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn’t feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne.’

Author : Willem Schoorstra ISBN : 9789492457455 New label : 1 Pages : 311 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : paperback Kategory: , , , , .