Kategoryen

No products in the cart.

De Nacht fan Mare

19,50

Details



Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op `e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock `n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy`t alles mei ferslaving te krijen hat.

 

`De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.`

Lústerje nei de podcast foar in fragmint út De nacht fan Mare:

https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-2-de-nacht-fan-mare-fan-willem-schoorstra

 

 

 

ISBN : 9789492457110 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Kategory: , , .

Relatearre produkten

Rosmos
Yn winkelwein
10,00