It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

In fatsoenlijk Famke

Ypk fan der Fear

19,50

Details

Autobiografy

Dit boek is de postúm ferskynde autobiografy fan Ypk fan der Fear. De skriuwster sjocht werom op de earste tweintich jier fan har libben. Se groeit op yn in boerehúshâlding en giet nei in kristlike legere skoalle op fiif kertier rinnen. Op de kweekskoalle skriuwt se har earste Fryske sketsen. Se fynt dêrnei al gau in baan as ûnderwizeres, giet op Fryske les en hat belangstelling foar de Fryske beweging. As har freondinne komt te ferstjerren, beseft se dat har fammetiid foarby is. Ferskate figueren út de boeken fan Ypk fan der Fear binne basearre op persoanen út har jeugd. Dêrom is Fan der Fear har autobiografy benammen nijsgjirrich foar de leafhawwers en kenners fan it fiksjonele wurk fan de skriuwster.

Author : Ypk fan der Fear ISBN : 9789089541840 Pages : 248 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , .

Relatearre produkten