Kategoryen

No products in the cart.

Famke fan snie - gedichten

Paul van Dijk

15,00

Details

Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk” rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen.

Paul van Dijk (1981) is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers “Etude yn ‘e rein” krige er de Rely Jorritsmapriis.

Foar de hiele bondel krige Van Dijk de D. A. Tammingapriis 2022. De D.A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD)  is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút.

Klik  foar it ynterview mei Paul op dizze link: Ik koe my net langer ferskûlje (artikel LC d.d. 16 maart).

 

 

 

 

Author : Paul van Dijk ISBN : 9789492176721 Pages : 55 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Softcover Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €14,50.Current price is: €5,00.