Kategoryen

No products in the cart.

De Oerwinning

Joseph Conrad

29,95

Details

De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Op in dei dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde.

De Oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Nêst Sulver en Minsken, útkommen yn 2019 en It geheim fan Lord Jim (2017) krijt de Fryske lêzer fan hjoed hjirmei tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingels skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).

Author : Joseph Conrad ISBN : 9789463652285 New label : 1 Pages : 312 Language : Frysk Publisher : Elikser Translator : Geart fan der Mear Kategory: , , .