Kategoryen

No products in the cart.

De lytse walfisk

Benji Davies

14,99

Details



Boi wennet mei syn heit en seis katten yn in lyts fiskershúske. Op in moarn fynt er in lytse walfisk dy’t op it strân oanspield is. Dat is it begjin fan in bysûndere freonskip…

By dit printeboek is in lêsbrief makke.


Rozemarijn: “Kinst tegearre in hiel filosofysk petear hawwe. Troch dy fragen te stellen en it ferhaal faker te lêzen, ûntdekst ek hieltiid mear dingen yn it boek. Sa seach ik pas by de tredde kear dat oan de binnenside fan it omslach yllustraasjes stean fan de lytse walfisk, dy’t earst syn famylje kwytrekket omdat hy de ferkearde kant op swimt en oan ’e ein syn famylje weromfûn hat.” Lês hjir de hiele resinsje fan Rozemarijn.

Tiete-Fokje: “It ferhaal is leuk en maklik te lêzen mei de bern, de plaatsjes yn it boek binne hiel moai, dat fûnen de bern prachtich om te sjen. Ek sochten we op alle bledsiden nei de poeskes fan Boi. It boek is wol in echte oanrieder, hy wurdt hjir no ek gauris út ’e kast pakt! En paste fan ’t simmer moai by ús strân-tema. It is in leuk boek foar bern fan 3 oant 7 jier!” Lês hjir de hiele resinsje fan Tiete-Fokje.

ISBN : 9789493159273 New label : 1 Pages : 25 Language : Frysk Publisher : Afûk Translator : Ytsje Steen Author : Benji Davies Kategory: , , .

Relatearre produkten

hasto Oaljefant sjoen
Yn winkelwein
14,99
Hâldsto altyd fan my?
Yn winkelwein
13,95