Kategoryen

No products in the cart.

It is de Gruffalo!

Julia Donaldson

14,50

Details

Wa is op stap yn it grutte donkere bosk?

It is Mûs en hy treft dêr in foks, in ûle, in slang en… O help! O nee! It is de Gruffalo! Kinsto mûs helpe?

Kartonboekje mei fingerpopke.

Besjoch hjir een filmke om de binnenkant fan it boek te besjen.


Maaike: Op it earste each is dit net in boekje dat ik gau keapje soe. Foaral troch it (foar my en Redmar) net werkenbere meunster op de foarkant fan it boek. Doe’t ik it boekje foar it earst begûn te lêzen mei Redmar wie it lykwols in hiel grut sukses! Foaral troch de ynteraksje dy’tst hast mei it stoffen mûske. Dat is echt in hiele aardige tafoeging fan it boekje. Kinst de mûs fan alles dwaan litte. Redmar besiket hieltyd faker oft it him ek al slagget om de mûs bewege te litten en hy pakt it boekje der hieltiten wer by. 

It boekje is ek in moaie help foar bern dy’t wurdsjes oan it learen binne. Troch de moaie plaatsjes yn it boek kinne der samar wer in pear bisten, dy’t se (faaks) net elke dei sjugge, tafoege wurde oanharren fokabulêre. Dêrneist is it bewegen fan it mûske ek goed foar de motoaryske ûntwikkeling.

Lês hjir de folsleine resinsje fan Maaike

Melenie: ‘ It is de Gruffalo ’, miskien better bekend by de wat gruttere berntsjes, mar no ek yn in eksimplaar foar de alder lytsten! In Frysk printeboek mei hurd kaft, dikke siden en in hiel aardich mûske as fingermofke. Fuortendaliks by it oanrikken fan it boek waard it mûske besjoen. Eins krekt as op elke side, it mûske waard aaid, de finger waard deryn stoppe of hy waard gewoan fêstholden. Dit jout it boek dochs krekt in oare belibbing!

Lês hjir de folsleine resinsje fan Melenie

Author : Julia Donaldson ISBN : 9789493159815 New label : 1 Pages : 10 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : kartonboek Illustrator : Axel Scheffler Kategory: , , , , , .