Berneboekewike
Fan 4 oant en mei 15 oktober 2023 is it wer ‘Kinderboekenweek’ yn Nederlân. Dit jier is it tema ‘Bij mij thuis’. Fansels komt der ek dit jier wer in berneboekewikegeskink. By besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink dan, dy hiele wike, kado by dyn bestelling. De Berneboekewike/Kinderboekenweek is in kampanje fan it CPNB.
Der binne in hiel soad Fryske berneboeken dy’t oanslute by it tema ‘By my thús. Boeken om foar te lêzen of foar de bern om sels te lêzen. Wy hawwe de allermoaiste boeken foar jim útsocht en hjirûnder op in rychje setten.
Masterclass Berneboekewike 2023
Taalplan Frysk en IMO (Inspirerend Meertalig Onderwijs) organisearje op 13 septimber in Masterclass Berneboekewike foar taal – en lêskoördinatoaren, learkrêften en lêskonsulinten. Oanmelde kin oant 20 juny! Foar mear ynformaasje, sjoch de flyer: Masterclass Berneboekewike – flyer
Toan 1–18 fan 'e 24 resultaten