Kategoryen

No products in the cart.

Abe en de Aardichman

Tialda Hoogeveen

14,95

Details

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier.

Elke twa jier jout de International Board on Books for Young people (IBBY) de Honour List út: in oersicht fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit út de by IBBY oansletten lannen. Abe en de Aardichman is op dizze IBBY-list 2024 kommen. It boek wie ek op de list fan de White Raven opnommen en is selektearre foar de Biënnale yn Bratislava foar de yllustraasjes.

Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen.

Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst yn dit boek werom.

Dit boek is de lêstip fan Keimpe fan oktober.


Hilde: ‘It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom.’ Lês de folsleine resinsje op heitenmem.nl.

Jitske Nynke: Abe sleat ik fuortendaliks yn myn hert. Wat in skrander en leaf jonkje. Mar ek in jonkje dat goed wit wat er wol. Dy’t him ien fielt mei de natoer om him hinne. Lês de folsleine resinsje op heitenmem.nl

 

Author : Tialda Hoogeveen ISBN : 9789493159884 New label : 1 Pages : 53 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Yke Reeder Kategory: , , , , , , .