Kategoryen

No products in the cart.

Ik wol in bosk op ’e jierdei

Linda de Haan

16,99

Details

Simke hat in beam op ’e jierdei frege, dat liket har in moai kado. Bern by har út ’e klasse sizze dat dat net kin, dat in beam in stom kado is ast op de twadde ferdjipping wennest.

Dat sille we noch wolris sjen, tinkt Simke. Se docht gau in winsk yn it moanneljocht en skriuwt – foar de wissichheid – in brief oan de boargemaster. As Simke op in dei wekker wurdt, sjocht se skimen fan tûken en blêden. Is har winsk útkommen, of dreamt se noch?

In fleurich printeboek oer dreamen dy’t útkomme en de magy fan beammen.


Linda: ‘No’t ik fia Seewyn (keunstedukaasje) mei de kultuerlessen op basisskoallen kom, fernim ik dat hast alle bern wol in beam witte te stean dêr’t se wat mei hawwe. Se gean fuort “oan” as ik oer it bosk begjin. En dat fernuveret my net. Bewustmeitsjen is ien fan myn missys mei it boek.’  Lês hjir it folsleine ynterview mei Linda de Haan.

Hilde van Kalsbeek: “Else koe net genôch krije fan it ferhaal, we lêze it boek elke jûn wer opnij. Mar ek Marij hat mei wille meilústere. Koartom tige oan te rieden! Seker ek leuk foar minsken dy’t eartiids it projekt fan it kuierjende bosk besocht hawwe. Wat ús oangiet in plaatsje yn de boekekast!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Hilde

Wietske: “Het is een vrolijk boek met mooie illustraties, dat zeker voor mensen die het Bosk gezien hebben een prachtige aanvulling is in de boekenkast.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Wietske.