Yn de tiid fan de guillotine
Charles Dickens
€34,95
Details
De roman Yn de tiid fan de guillotine spilet yn Londen en Parys, likernôch tusken 1775 en de earste bluodderige jierren fan de Frânse revolúsje. It begjint yn 1775, as dokter Alexandre Manette nei 18 jier opsluting sûnder foarm fan proses frijlitten wurdt út de beruchte Bastille. Hij wist fan misdieden fan de aadlike bruorren Evrémonde, dy’t him om dy reden dêr fêstsetten hienen. De bankier Jarvis Lorry reizget mei Lucie, dochter fan Manette, nei Parys om him op te heljen, út in ûnderkommen dat Defarge, eardere feint fan Manette, him bean hie. Dokter Manette, nei 18 jier suver syn ferstân ferlern hawwend, knapt stadichoan op en begjint in praktyk yn Londen. Yn 1780 wurdt Charles Darnay, omkesizzer fan ien fan dy aadlike bruorren, yn Londen frijsprutsen fan spionaazje foar Frankryk. Hij wie út wjersin foar syn famylje útwykt nei Londen en hie in oare namme oannommen. Hij wurdt frijsprutsen fanwege syn sterke gelikenis mei ien fan syn advokaten, Sydney Carton, wat de beskuldiging ûnderút hellet fan de twa oankleiers dat se Darnay oeral herkenne soenen. Carton wurdt fereale op Lucie, mar Lucie trout leaver mei Darnay, dy’t úteinlik oan har heit opbychtsje moat dat er in Evrémonde is. Carton, ôfwiisd troch Lucie, is in losbandich libjend persoan, fynt gjin doel yn syn libben, mar hat en hâldt in djippe ferearing foar har, en sil letter in krusiale rol spylje yn it libben fan har en har man Darnay, alias Evrémonde.
Yn 1789 helpt Defarge bij it bestoarmjen fan de Bastille, siket de eardere sel fan dokter Manette op, en fynt dêr yn in geheim skûlplak in ferslach út 1785, dat Manette skreaun hie oer de earste tsien jier fan syn opsluting, en wêryn’t er fûl de Evrémondes ferflokt.
Yn 1792 reizget Lorry nei Parys, om oarder op saken te stellen yn de Parise festiging fan syn bank. De man fan Lucie hat ûnderwilens in briif krigen, wêryn’t in earder personielslid fan syn omke him om help smeket: ek dy syn libben is yn gefaar. Darnay reizget Lorry achternei, heel ûnferstandich, want ek hij wurdt arresteard as aadlik persoan. Lucie, mei har heit en har dochterke, reizgje no ek nei Parys, en besykje om him frijsprutsen te krijen. Dokter Manette, as slachtoffer fan de misdieden fan aadlike hearen, hat in grut gesach, en sadwaande slagget it nei mear as in jier om Darnay frij te krijen, mar dy wurdt deselde deis opnij arresteard op grûn fan in beskuldiging fan de fanatike frou fan Defarge, dy’t baseard is op syn ferflokking fan de Evrémondes yn it hânskrift fan de heit fan Lucie sels, dat fûn wie yn syn eardere sel. Sa wurdt dokter Manette sels de oarsaak fan de kommende dea fan syn skoansoan ûnder de guillotine. Oan de ein fan dit spannende en magistrale boek lêze jo hoe’t ien en oar ôfrint.
Slab Friese vlag
Einum
Tije - Audioboek
Blommen - Fryske natoergids
It neidiel fan 'e twivel - jeugdroman
Het Wad te voet
Het Oudemirdumerklif - Geschiedenis, mensen en verhalen door de eeuwen heen
It ferdielde libben
Het ebben van de laatste vloed
Sipke komt op stoom
Anton in het museum
Frysk Bakboek
Jane Eyre - in het Fries
Multifunctionele sjaal Fryslân
Frisismenkaart: herfst / hjerst
Jentsje syn pemper
De parallaks
Friese spreuktegel: As it net kin sa't it moat dan moat it mar sa't it kin
Boekenbon € 20,-
Leech hert yn nij jek
Tichtby
Wyn fan feroaring
De kâlde krústocht
De Ljip - Sake P. Roodbergen
In moaie dei yn 'e hjerst/Wa rêdt Cesilia Tan - twa novellen (Audioboek)
Lêskoffer C Berneboeke-ambassadeur
De kâlde krústocht - Audioboek
Fryslân servetten
Jorrit en Philo begjinne in klup
De Krúspôllen - sketsboek Marten Groenhof
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
Kabel en tou
Friese vlag sokken (40-46)
Mem, fertel!
De Nova Scotia staazje
Wurdkeunst
Passys
De Friezen - Middeleeuwse geschiedenis van de Lage Landen
Kaart: Ik tink oan dy (knyntsje)
Kaart: swimdiploma
Boekelizzer: master
Mok Mem
Iisbaan yn 'e maaitiid
Wyntrilogy
Fabryk
Imitaasjelear
De Biltske Wassenaars - in Famyljeskiednis
A5 kaart: Heit
Kaart: Samar...
Geschiedenis van de Veehandel en Veemarkten in Friesland
Mijn wadden - Gerrit Jan Zwier
De treastfûgel
David Copperfield - Charles Dickens