Kategoryen

No products in the cart.

Jorrit en Philo begjinne in klup

Thys Wadman

14,95

Details



Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se in fûgelklup ‘It Fearke’.

Mar… hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup ‘It Sturtsje’ oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn ‘e strjitte stiet. En auto’s besjen, dat fine Jorrit en Philo ek moai. En dan moat der fansels in autoklup komme…!

De Fûgelklup en De Hûneklup binne earder as losse boekjes ferskynd yn de Studio F lêsboekjes-searje.


Simone: “De yllustraasjes yn it boek smite wat fragen op. Is it in foto of is de ôfbylding tekene? En wat is krekt tekene en wat is fan in foto? Jo bliuwe dêrtroch nei de ôfbylding sjen. De bern fine dat it hiel moai makke is.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Simone.

Vonne: “It is in prachtich boek. It is maklik skreaun, it hat koarte haadstikken en koarte sinnen. Der sit humor yn, mar ek spannende stikjes. It boek is ek hiel geskikt foar de begjinnende Fryske lêzer.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Vonne.

Author : Thys Wadman ISBN : 9789493159419 New label : 1 Pages : 119 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Natascha Stenvert Kategory: , , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
7,50
De hûneklup
Yn winkelwein
7,50
Read more
14,95