Kategoryen

No products in the cart.

Pinkeltsje yn Fryslân

Studio Dick Laan

13,99

Details

Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân?

It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân – mar se binne net de iennichsten mei dy missy…

Leeftiid: 7+

Ek te krijen yn it Nederlânsk: Pinkeltje in Friesland.


Tietsje Vonk: “It ferhaal fan de pinkels sit fol mei moaie ‘wendingen’ en lit de skiednis fan Fryslân op in begryplike wize oan ús sjen. Geandewei komme ek oare saken dêr’t Fryslân ferneamd om is foarby, alles is op in moaie manier yn it ferhaal meinaam. Al mei al in hiel leuk boek om foar te lêzen en echt in boek dêr’t je jierren mei foarút kinne!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tietsje.

Daphne: “Pinkeltje, wie is er niet mee opgegroeid? Ik vind het een mooi stukje nostalgie nu er ook een boek verschenen is met Pinkeltje in Friesland. Zo leuk dat de geschiedenis zich herhaalt, omdat ik vroeger zelf deze boeken las en ik dit nu met mijn kinderen heb mogen doen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Daphne. 

Author : Studio Dick Laan ISBN : 9789493159990 New label : 1 Pages : 144 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Ytsje Steen Kategory: , , .