Kategoryen

No products in the cart.

De Goargels yn it Frysk

Jochem Myjer

17,99

Details

Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort. As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees. De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.

Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. De Goargels is syn earste berneboek.

Geskikt foar bern fan 5 oant en mei 8 jier.


Marrit Jongbloed: “It is in prachtich boek om (foar) te lêzen en it nimt dy mei yn de fantasyrike wrâld fan de skriuwer. Wannear’t je de komyk en heit Jochem Myjer in bytsje kenne, dan fine je in soad fan wat him dwaande hâldt werom yn dit boek. Dêrom is it foar folwoeksenen stikem ek wol hiel leuk om út dit boek foar te lêzen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Marrit.

 

Author : Jochem Myjer ISBN : 9789056158248 New label : 1 Pages : 134 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Translator : Martsje de Jong Illustrator : Rick de Haas Kategory: , , , .