Kategoryen

No products in the cart.

Karlsson fan it dak

Astrid Lindgren

13,50

Details

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen!

Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy’t oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!

 


Antsje van Schepen: “It spegeljen oan dysels, it identifisearjen mei de haadpersoan, of foar folwoeksenen it spegeljen oan it bern yn dysels, dat is miskien wol it Astrid Lindgren-gefoel. Se wit hoe’t it is om bern te wêzen. En just dát is tink ik wêrom’t har ferhalen tiidleas bliuwe.” Lês Antsje har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl >>>

Sytske: “Wy gongen ûnder it lêzen fan ôfgriis nei wille nei ferbazing nei ûngeloof. Elke jûn foar it sliepen gean liezen we in pear bledsiden en waard der lake. Sels seach ik der ek nei út en fûn ik it suver jammer at myn man in kear in jûn foarlies…” Lês Sytske har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.

 

Author : Astrid Lindgren ISBN : 9789493159129 New label : 1 Pages : 109 Language : Frysk Translator : Martsje de Jong Publisher : Afûk Illustrator : Georgien Overwater Kategory: , , , , .

Relatearre produkten