Kategoryen

No products in the cart.

De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer

Jochem Myjer

18,99

Details

Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen. Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?
Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy’t alles wit oer de gefaren fan ’e bergen …

In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels.
Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels!

Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!

Author : Jochem Myjer ISBN : 9789464711295 New label : 1 Pages : 200 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Translator : Martsje de Jong Illustrator : Rick de Haas Kategory: , , , .