Kategoryen

No products in the cart.

It neidiel fan 'e twivel - jeugdroman

I.E. Bloem

16,95

Details

Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ‘t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs.

Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

It neidiel fan ‘e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy’t yn 2020 debutearre mei Eudaimoania.

It boek is bekroand mei de Simke-Kloosterman-priis 2022 as bêste berne- of jeugdboek. Ek is it boek opnommen yn de seleksje fan de White Ravens 2022. De White Ravens binne oanbefellings foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jongereinliteratuer.

Sjoch hjir foar in ynterview yn it Friesch Dagblad: https://frieschdagblad.nl/cultuur/Schrijver-I.E.-Bloem-%E2%80%98De-Fryske-taal-is-te-moai-om-foar-de-jongerein-lizze-te-litten%E2%80%99-26806122.html


Aukje-Tsjitske: “Ik krige in nijsgjirrich ynsjoch yn ’e gedachten en emoasjes fan Bas. Allinne yn it lêste part waard ik dêr minder yn meinommen. Faaks is dat om’t er it sels efkes net mear wit – moast er Julia leauwe of har heit? Mar dan hie ik wol oer syn twivels lêze kinnen. Sels op ’e lêste bledside wurd ik as lêzer yn it ûnwisse litten oer wat Bas dwaan sil. In iepen ein, om nei it lêzen noch fierder dreame te kinnen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Aukje-Tsjitske.

Corrie Kamminga: “It boek lêst lekker wei. Troch it flotte taalgebrûk en de trochgeande aksje kinst de oandacht der goed byhâlde. Ik moast gauris gnize om de humor yn it boek. Oer it hamsterjen fan húskepapier oant de Fryske nochterheid fan Bas. Dat hâldt it soms drege libben fan Bas toch luchtich om te lêzen. De ein fan it boek is oars as datst ferwachtest en jout romte foar diskusje.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Corrie.

Author : I.E. Bloem ISBN : 9789493159716 New label : 1 Pages : 172 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , , , , .