Kategoryen

No products in the cart.

Nij

Passys

Josse de Haan

35,00

Details



Passys is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei ‘autofiksjoneel’ wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen.

Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar momint yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany – Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans.

Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers.

‘Myn libben is literatuer en literatuer is myn libben.’ (Josse de Haan)

Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. Ek syn foarige roman Frou mei mandoline op sofa waard yn 2015 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.

Author : Josse de Haan ISBN : 9789493159501 New label : 1 Pages : 724 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Softcover Kategory: , , .

Relatearre produkten

Reedride op glêd iis
Yn winkelwein
24,95
Frou mei mandoline op sofa
Yn winkelwein
17,50
Piksjitten op Snyp
Yn winkelwein
24,95