Molwrot
Piter Boersma
€18,50
Details
Haadpersoan yn it boek is Seleina. Se sit yn ’e wapenhannel. Se is ôfkomstich út Fryslân (Ljouwert), wennet yn Amsterdam, dêr’t se in kunde hat dy’t har molleferhalen fertelt. Se hat kontakten oer de hiele wrâld en reizget de hiele wrâld oer. Se fiert mei in man dy’t se yn Belgrado troffen hat fakânsje op Peaske-eilân, mei as wichtich elemint dat dêr tafallich in konsertrige mei alle muzyk fan Gustav Mahler plakfynt. Op ’e achtergrûn spilet in geheim út har jeugd. It boek giet oer in ûndergrûnsk libben. Dat dêrom de titel: Molwrot.
“…Fertel mar in koart ferhaaltsje.”
“Hiel koart dan. It jonge moltsje kaam boppe de grûn. It soe wêze. Mar dêr wie in ielreager en dy pakte him. It moltsje pipe even.”
“In wreed ferhaal,” sei Alexander.
Seleina sei: “Yn Mahler syn muzyk hear ik ek al dy mollelûden werom, opwinende, lilke, wrede, seare.”
“Hasto wat mei mollen?” sei Alexander.
“Fansels,” sei Seleina.
Se seach har Servyske freon even ûnder de eachbrauwen wei oan.
Tsjin Catrinus sei se: “Hast in nuet ferhaal ferteld.”
“As ik sels nuet bin, fertel ik in nuet ferhaal,” sei er.
“Mar dat dochst nea ast mei my allinne bist.”
“Om’t ik it dan net doar.”
Seleina seach Catrinus rjocht oan en doe sloech se de eagen del.
Catrinus stuts de hân út nei har hannen dy’t op ‘e tafel leine. Krekt op dat stuit stuts Seleina de hân út nei Catrinus sines dy’t al yn de romte sweefde. De fingers fan harren hannen rekken inoar.
“It liket wol oft jim dûnsje wolle,” sei Alexander.
 Dichter bij SIEP - Biografie van Sijbren Ridsert van den Berg (1913-1998)
 Dichter bij SIEP - Biografie van Sijbren Ridsert van den Berg (1913-1998) De kâlde krústocht
 De kâlde krústocht De gitaar by it boek
 De gitaar by it boek Friese kerken - een inleiding
 Friese kerken - een inleiding Protestantse kerken - hun pracht en kracht
 Protestantse kerken - hun pracht en kracht Genealogysk jierboek 2016
 Genealogysk jierboek 2016 Tussen Gideonsbende en publieke kerk
 Tussen Gideonsbende en publieke kerk Oudfriese Oorkonden - Oebele Vries
 Oudfriese Oorkonden - Oebele Vries It deiboek
 It deiboek Het recht van een vrije Friese stad.
 Het recht van een vrije Friese stad. Achlum Nobusco en de monsternimmers
 Achlum Nobusco en de monsternimmers Genealogysk Jierboek 2008
 Genealogysk Jierboek 2008 Stip en syn mem
 Stip en syn mem De kâlde krústocht - Audioboek
 De kâlde krústocht - Audioboek Snååk Frasch
 Snååk Frasch Minym ferweech - Minieme gebaren
 Minym ferweech - Minieme gebaren Tomke en de bijen - Bildtse edisy
 Tomke en de bijen - Bildtse edisy Tútsje derop!
 Tútsje derop! Akkie op 'e pleats
 Akkie op 'e pleats Wat in ein!
 Wat in ein! De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 De wûndertoeter fan Hindrik Bûter Dingeman krijt wjukken
 Dingeman krijt wjukken Dreaun fan ierde' dream - Libben en wurk fan Obe Postma
 Dreaun fan ierde' dream - Libben en wurk fan Obe Postma It deistich bestean by âlds - Obe Postma
 It deistich bestean by âlds - Obe Postma Obe Postma - In libben dat bloeide nei syn aard
 Obe Postma - In libben dat bloeide nei syn aard Veld, huis en bedrijf - Landbouwhistorische opstellen
 Veld, huis en bedrijf - Landbouwhistorische opstellen Wat oerblûwt - Ferhaal
 Wat oerblûwt - Ferhaal Aete en ame Plús - yn it Hylpers
 Aete en ame Plús - yn it Hylpers It libben sels
 It libben sels
 
                    