Kategoryen

No products in the cart.

Wat in ein!

Jan Schotanus

9,95

Details

Heit sliept as in baarch.
‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen.
Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem.
‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’
‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren…

Boekje foar begjinnende lêzers, AVI-nivo M4.
Leeftiid: 7-9 jier


Tante Tjits: “Heit is yn in nostalyske bui. As de auto nei de garaazje moat, nimt hy as lienauto in ein mei. In 2CV. Hy wol der mei op fakânsje nei Frankryk. Mem en de bern binne net fuort entûsjast, mar heit stekt se wol oan. Der giet fanalles mis. De ein kin net sa hurd, dus de reis duorret wat langer. Se hawwe de hjerringen ferjitten en it wurdt min waar. Dan rekket de benzine op en blykt it tintsje wat te lyts foar 4 minsken. As der dan ek noch mûzen ûnder de tinte sitte, is it foar mem wol klear. Froeger wie kampearen folle leuker. It makket heit neat út. Hy goait de ein wer fol en genietet fan de weromreis.
In âlde auto, fakânsje, dingen dy’t mis geane, in nostalgyske heit en in mem dy’t gek op heit is, mar net altyd op syn healwize ideeën. Alle yngrediïnten foar in fleurich boek.”

ISBN : 9789460381188 Pages : 28 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Format : ynbûn Kategory: , , .