Wat in ein!
Jan Schotanus
€9,95
Details
Heit sliept as in baarch.
‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen.
Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem.
‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’
‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’
Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren…
Boekje foar begjinnende lêzers, AVI-nivo M4.
Leeftiid: 7-9 jier
Tante Tjits: “Heit is yn in nostalyske bui. As de auto nei de garaazje moat, nimt hy as lienauto in ein mei. In 2CV. Hy wol der mei op fakânsje nei Frankryk. Mem en de bern binne net fuort entûsjast, mar heit stekt se wol oan. Der giet fanalles mis. De ein kin net sa hurd, dus de reis duorret wat langer. Se hawwe de hjerringen ferjitten en it wurdt min waar. Dan rekket de benzine op en blykt it tintsje wat te lyts foar 4 minsken. As der dan ek noch mûzen ûnder de tinte sitte, is it foar mem wol klear. Froeger wie kampearen folle leuker. It makket heit neat út. Hy goait de ein wer fol en genietet fan de weromreis.
In âlde auto, fakânsje, dingen dy’t mis geane, in nostalgyske heit en in mem dy’t gek op heit is, mar net altyd op syn healwize ideeën. Alle yngrediïnten foar in fleurich boek.”
Zuivelfabrieken in Friesland
Fûgel Pyt
Fûgels yn ús - koarte ferhalen
Bûsboekje 2026
De mjitte - Audioboek
Kaart: Gershipper
Van melkrijder tot fabrieksdirecteur
De pakkyboat / Lichys in 't donker - Bildts
Friese muts Noorse stijl - Wit
It parfum - De skiednis fan in moardner
De tún fan Trip
Moard yn tsjerke
Wês wiis mei nuvere houtsjes
Skoare by FC Top
Historische atlas NL
De Vrije Fries, deel 99 - 2019
Poster A4 Frysk Fries - Suze nane poppe (beige)
De taal van recht en vrijheid
Sleutelhanger Driuwerke
Ntrije55 - gedichten
The story of Frisian in multilingual Friesland
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
Fryslân mûtse lang
Jan Kooistra - Winterkaarten
Terpen in Friesland
It portret - Audioboek
Myn kreambesite
Bollman en Bollman
De stilte fan Joachem
In frjemd faaske
Andries Deinum - Fryslân revisited
De kracht van het lokale
It ferdielde libben
Kaart: Dikke tút!
Kaart: Strânljip
Gevierde Friezen in Amerika
gers op it dak
