Kategoryen

No products in the cart.

Gozert - yn it Frysk

Pieter Koolwijk

16,99

Details

Ties hat in probleem. Teminsten… dat fine de measte minsken. Ties fynt dat net: hy hat in freon. Gozert. De bêste, leukste, stoerste, coolste freon dy’tst dy foarstelle kinst.

Allinne is Ties de iennige dy’t Gozert sjocht en heart. En de plannen fan Gozert binne sa fantastysk dat Ties dêrtroch yn ’e swierrichheden rekket…

Ties syn heit en mem wolle dat Gozert ferdwynt en nimme in yngripend beslút. Mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Wat moat er dwaan?

Leeftyd:  10+

Jeugdteater FRETS hat in toanielfoarstelling makke n.o.f. it boek: https://gozertdevoorstelling.nl/nl/

 


Simone: “De skriuwer hat de belibbingswrâld fan Ties echt fantastysk beskreaun. Hy beskriuwt de ûnderfiningen fanút Ties krekt lykas bern dy sjogge. Want hoe stom is it foar in bern as dyn âlden allinnich mar de rommel sjogge dy’tst makke hast, wylst der in fantastysk aventoer achter sit. Hoe hearlik dat in bern him hielendal ferlieze kin yn syn spul, mei of sûnder in ûnsichtbere freon lykas Gozert. Want de belibbingswrâld fan in bern, hoe fantastysk is dy?! Al bliuwt it by Ties en Gozert faak net by allinnich mar rommel meitsjen. De fraach is dan: yn hoefier giest dêr as âlden yn mei en hoe fynst dêryn in middenwei.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Simone.

Lisanne: “De Nederlandse versie had ik al gelezen en was al groot fan van Ties en Gozert. Daarom was ik ook erg nieuwsgierig naar de Fryske vertaling. Kan de vertaler (Rymke Zijlstra) het verhaal net zo boeiend overbrengen. Dit is zeker gelukt, want wat blijft dit een top boek!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Lisanne.

Author : Pieter Koolwijk ISBN : 9789493318243 New label : 1 Pages : 256 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Rymke Zijlstra Illustrator : Linde Faas Kategory: , , .