Kategoryen

No products in the cart.

Ferbûn en sjoen - Mimeringen oer myn leauwe en libben

Willem Abma

19,90

Details

Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben bestiet foar it grutste part út religieuze poëzij. Dit kin lêzers fan it wurk fan Daniël Daen (pseudonym fan Willem Abma) út de jierren sechtich en santich fan de foarige iuw ferwûnderje. In ferwûndering dy’t lytser wurdt as men it libbensferrin fan de skriuwer ken.

As bern waard er tige kristlik grutbrocht wat in djippe útwurking op him hie. Hy keas der dan ek foar om theology te studearjen om antwurd op syn fragen te krijen. Mar der kamen mear fragen by as dat der oplost waarden. Dat resultearre deryn dat er sa’n 40 jier de tsjerke mijde. Earst op syn 59ste fûn er it paad fan tsjerkegong werom. Sûnt 2014 giet Abma no en dan foar yn ûnderskate tsjerken.

Dit boek foarmet de delslach fan syn mystike leauwe en oanhâldende ferlet om yn de inerlike dialooch fan it gebed it kontakt mei God te ûnderhâlden. De bondel is opboud út sân skiften. Yn it earste skift leit de klam op de emoasje en net op it begripe wollen. Mystyk is yn de fersen fan it skift Brêge it ûnderlizzende thema. Yn it skift De Reed komt nei foaren hoe wichtich ûnderfiningen yn de iere bernejierren foar de geloofsfoarming fan de skriuwer west hawwe. Yn it skift Yn ’e jûntiid oertinkt de skriuwer de tichterby kommende libbensein. De bondel wurdt ôfsluten mei de skiften Gebeden, Geastlike lieten en Sa beskôge.

ISBN : 9789492052513 Pages : 72 Language : Frysk Publisher : Wijdemeer Format : ynbûn Author : Willem Abma Kategory: , , , .