Lês-mar-foar-wiken
Fan 5 o/m 30 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘thús’ hat. En der is noch folle mear te dwaan! Sa kinst yn de biblioteken ferskate foarstellingen folgje en binne op Tsjil.omropfryslan.nl yn septimber wer 18 nije aventoeren fan Tomke te finen.
It tema is ‘Thús’, dat wy ha hjirûnder in oantal boeken set dy’t mei dit tema te krijen ha. Foar noch mear foarlêswille!
Alle 12 resultaten