Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Hanneke de Jong
€8,50
Details
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Hanneke de Jong
Ynspirearre op de tv-searje Bosk
Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.
Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! ‘Wês net bang,’ seit er, ‘mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.’ Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. ‘Gean no, wy hearre fan dy.’ ‘Goeie heit.’ Se krûpt him eefkes oan. ‘Dach leave dochter.’ Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.
It boek ‘Wês net bang’ fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As se dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy’t har helpe wolle? Sil se Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?
Utjouwerij Afûk
ISBN: 9789492176400
83 siden, paperback
Fier dyn eigen taal - Vier je eigen taal - Celebrate your own language
Depot 5 - De moard op de haadargivaris
Poster: Winter
Wetter
Miniskule bjirkenbroekbosken
Kosmysk Sekslibben - Diel 16 fan In Fryske Odyssee
Kom & Sjong - Fryske lieten foar sjonggroepen en koaren
Myn binêre koade - fersen
Geller - roman
Rode runen - De herontdekking van de visionaire dichter Ella Wassenaer
Redbad - Koning van de Friezen
Covidwiksel
Neigeraden it Noarden
De Toer - gedichten
Sûnder garânsje - Audioboek
Wurdkeunst