Kategoryen

No products in the cart.

Nij

Myn binêre koade - fersen

Friduwih Riemersma

15,00

Details



Dizze debútbondel sketst in wrâld fol ritige, ûnwêzentlike tafrielen.

Mei in alarmearjende graasje sketst in brieveskriuwer flak foar ‘posttiid’ har ‘libbensferhaal’ – foar mem. Panoramyske rigels bûge de tiid om en lykje al fluch klaustrofobysk; selden makket se de sin ôf. Sa komt in potpoerry foarby fan skimen út de bernetiid, heislike foarfallen, in moardballade, leafdeslieten, bizarre konfesjes lykas ‘ik haw de stâlfeint skandelik ôfseame inkeld om it ferkearde amasôneseal’ en – groteske – elegyen: ‘beppe, blaasdest elk skip wer flot en wy freegje ús ôf wêrst dyn skuon kocht hiest of dyn tequilaglês fan roaze himalayasâlt.’

Friduwih Riemersma is berne yn Loaijingea en studearre oan de Rietveldakademy en de Universiteit van Amsterdam. Se skreau Kultuerferlies, in esseebondel oer de keunstfijannige Fryske polityk. Har literatuerkrityske artikels ferskine geregeld op it ynternet. Se is meioprjochter en redakteur fan it ûnôfhinklike literêre tydskrift Fers2 en útjouwer by Grotesk. Koartsein, se is literêr aktivist, op ‘e barrikaden klommen foar in bûnt fokabulêr fan abstrakte en byldzjende foarm, as solide skyd om ús sizzenskrêft.

Author : Friduwih Riemersma ISBN : 9789082576269 New label : 1 Pages : 52 Language : Frysk Publisher : Utjouwerij Grotesk Format : Softcover Kategory: , , .

Relatearre produkten

Bûntskildere werklikheid
Yn winkelwein
15,00
Yn winkelwein
12,50