Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Hanneke de Jong
€8,50
Details
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Hanneke de Jong
Ynspirearre op de tv-searje Bosk
Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.
Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! ‘Wês net bang,’ seit er, ‘mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.’ Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. ‘Gean no, wy hearre fan dy.’ ‘Goeie heit.’ Se krûpt him eefkes oan. ‘Dach leave dochter.’ Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.
It boek ‘Wês net bang’ fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As se dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy’t har helpe wolle? Sil se Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?
Utjouwerij Afûk
ISBN: 9789492176400
83 siden, paperback
In ekstremist út Westergeast
Rode runen - De herontdekking van de visionaire dichter Ella Wassenaer
Poster: Winter
De mooiste plekjes in Friesland
Ien tel de ierde stil - Gedichten
De lêste oerstek
Et laompien dat een varken is - Stellingwarfs
Fier dyn eigen taal - Vier je eigen taal - Celebrate your own language
In moaie dei yn 'e hjerst/Wa rêdt Cesilia Tan - twa novellen (Audioboek)
Depot 5 - De moard op de haadargivaris
Kaart: Hoera, it binne der twa!
Pim en Pier
De vrouw die Friesland redde
Ska(r)l - Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke
Kaarten M.C. Escher - Symmetry drawings
Ik moat sa noadich!
Kaart: Hoera, pake en beppe wurden!
Miniskule bjirkenbroekbosken