Skearing en Ynslach - Ferhaleroman
Bouke van der Hem
€18,50
Details
Yn dit boek Skearing en Ynslach wurdt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân beskreaun, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke.
Mar ek fierderop sil it misrinne: as ‘sociaal bewogen makelaar’ yn Nij-Seelân, wêrfan’t er úteinlik rillegau en sûnder frou weromkomt. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him no ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme.
Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroei-brân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat hy dêr in stress-syndroom fan oerholden.
Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman Sloppe Opels en fan him ferskynden dêrnei It Poadiumbeest, Stille Tochten en yn 2010 De Fuery. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêrfoar benammen kollums.
Anne Visser: “Wat ek hieltiid wer boppe komt is de heabroei dy’t in grutte brân foaroarsake. Hat Reinder dêr wat men no neamt in stress-syndroom fan oerhâlden?” Lês de folsleine resinsje fan Anne op heitenmem.nl
Jaap Krol, Friesch Dagblad: Bouke van der Hem skreau in knap komponearre en yntinse roman’.
Lês ek de resinsje fan Jelle van der Meulen: https://www.frieseliteratuur.nl/bouke-van-der-hem/
It geheim fan de mist
De Skiednis fan Fryslân yn 11 & 30 finsters diel 1 o/m 3
Hâldsto altyd fan my?
Kontenerstikker Bakje Dwaan?
Jentsje syn auto
Do bist de leafste
Kontenerstikker Noflike dei
Vita Brevis
De Striid fan de Kat en de Mûzen
De kening sûnder hynder
Kaart: Pikerje net, it komt dochs oars (Friese spreuktegel)
Retro mûtse Reinier Paping (donkerblau)
De roman fan Walewein
In fauna fan ingels
De Fryske utopy
Tiidwurden
Frisum Trilogy
Kaart: Hoi Heit!
Ik wol in bosk op ’e jierdei
Jentsje syn pemper
De kleine preens - Stellingwarfs
heit en mem online sinteklaas-edysje (e-magazine)
Krystkaart/nijjierskaart: At it koe, dan breide ik dy (gedicht)
Kaart: Lokwinske! (taupe)
Genealogysk Jierboek 2021
Duivelsdag op Groenland
Genealogysk Jierboek 2019
A is fan aapke / A is een aapje: Biste-alfabet
Beaken foar it Minskdom - Diel 26 fan 'In Fryske Odyssee'
Under de Seespegel - Audioboek
Mei Abraham fûstkje - Oantinkens Ferhalen Kritiken
