Kategoryen

No products in the cart.

Lêspakket B Berneboeke-ambassadeur

150,00

Details

De Berneboeke-ambassadeur kiest alle jierren tsien Fryske berneboeken, foar alle leeftiden, dy’t sy graach ekstra yn it sintsje sette wol. It binne bysûndere boeken dy’t in grut Frysk taaleigen biede, plezierich (foar)lêze of tige gaadlik binne foar allerhande kreative of taalkundige ferwurkingsopdrachten.

Sy binne mei-inoar te bestellen yn it Lêspakket B, mei in spesjale koarting.
By eltse titel is in lesbrief makke, dy’t fergees te downloaden is op dizze website: https://berneboekeambassadeur.frl/leskoffer/

Allinne te bestellen foar skoallen.

Lêspakket B:

  1. Kening en Kening – Linda de Haan en Stern Nijland – Dizze titel is ferfongen troch ‘De Letterfretter’
  2. Omke Ule past op – Paul van Dijk – Dizze titel is ferfongen troch ‘Abe en de Aardichman’
  3. Super – Anny de Jong
  4. P is fan PIBA – Dorine van den Beukel – Dizze titel is útferkocht, wurdt no ‘Myn twadde Fryske fan Dale’ –
  5. Bartele Bûse – Berber van der Geest
  6. Gewoan gek op skiednis – Dizze titel is útferkocht, wurdt no ‘Wenje yn in skilderij’ –
  7.  Jesse – Mindert Wijnstra – Dizze titel is útferkocht, wurdt no ‘Tije’ –
  8. Dingeman krijt wjukken – Eppie Dam
  9. Heech Tymo, sjoch omheech – Koos Tiemersma
  10. It spûkskip – Lida Dykstra