De groep fan juf Pyt
Laurentien van Oranje en Lizzy van Pelt
€14,95
Details
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. ‘Dêr rekket ús tonge fan yn ’e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.’ Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy’t prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy’t hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr’tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep!
Mei-inoar teäterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
Fan groep 4 ôf.
Kaart: Hoi beppe!
Bistespul
Tije - Audioboek
Trude
De abtenkroniek van Aduard
Frysk Bakboek
It geheim fan Lord Jim
Oer mûzen en mannen
De wûndere leafde fan Emine en Einte
De Tsjûgen fan de Macht
Friese portretten - Pieter Jan Verstraete
Tomkes foarlêsfeest
Super!
Zonnehoed Fryslân
Lekker eigenwiis