Kategoryen

No products in the cart.

De wûndere leafde fan Emine en Einte

Willem Verf

26,50

Details

Emine en Einte binne de haadpersoanen yn dizze aktuele leafdesroman. Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat,  hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden?

Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis.

Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn  ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hied er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013) en It sinfol bestean (2017).

 

Author : Willem Verf ISBN : 9789493318038 New label : 1 Pages : 344 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , , , , .