Kategoryen

No products in the cart.

De Weddenskip

Lida Dykstra

15,00

Details

* Nominearre foar de Simke Kloosterman Priis 2019 *

Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken.

De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntsnappen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne…

 


Tante Tjits: “Watfoar bern kiest dit boek? In swart mei goud en read boek dat ynspirearre is op midsiuwske poëzy? In boek oer Asen, Wanen, reuzen, dwergen en alfen? Mei wurden as ‘Jarl’ en ‘skald’ en ‘Skidblanir’? Mei yllustraasje fan katten mei seis eagen en bonkerakken dy’t heal út de grûn stekke? En dan wit ik it: bern dy’t fan reuzen en dwergen hâlde, dy’t hâlde fan ferhalen dy’t magysk binne, dy’t hâlde fan ‘oars as oars’. Dat binne net alle bern, nee. Mar se binne der. Se binne der genôch!” Lês hjir de hiele boekresinsje fan Tante Tjits.

 

Author : Lida Dykstra Illustrator : Peter Boersma ISBN : 9789492176622 Pages : 60 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten