Kategoryen

No products in the cart.

Frysk wurdboek

It fâlt net altyd ta om it júste Fryske wurd te finen. Gelokkich is der in ferskaat oan Fryske wurdboeken te krijen.

Alle 7 resultaten

Oanbieding
Original price was: €22,50.Current price is: €7,90.

Frysk wurdboek online
Mar ek online is der in ferskaat oan help wat de Fryske taal oanbelanget.

Sjoch bygelyk ris op taalhelp.frl

Dêr fine jo fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Fryske wurdboek-apps, games, in wurdboek, download de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en noch folle mear. Mei dizze digitale taalhelpmiddels foar it Frysk makkest noait wer in flater.

Taaladvys

Hawwe jo in taalfraach of wolle jo wat neisjen of oersette litte en komme jo der net út mei de apps en taalhelpmiddels op dizze webside? Dan kinne jo fansels by de Afûk terjochte! It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees. Dat jildt ek foar it neisjen fan bertekaartsjes en -advertinsjes, roubrieven en -advertinsjes en troukaarten.

Yn it Frysk oersette

Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freget de Afûk in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinne jo kontakt mei de Afûk opnimme fia: 058-2343070 of ynfo@afuk.nl.