Kategoryen

No products in the cart.

Tûzen wurden

Heather Amery

14,95

Details

Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate leeftiden en folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in beskaat tema út.

Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderskate ûnderdielen út de tekenings (sawol dingen as begripen) nochris apart delset mei it Fryske wurd derby. De grappige tekenings jouwe in stimulâns om it Fryske wurd dêr daliks mei te ferbinen, sûnder it oer te setten. De op dy wize learde wurden kinne dan wer repetearre wurde mei help fan de grutte tekening. Efteryn it boek is in alfabetyske wurdlist opnommen mei de Hollânske en Ingelske oersetting derby.

Dit is de njoggende printinge fan Tûzen Wurden, mei in nij omslach!
Dit súksesfolle syk- en sjochboek is fan Heather Amery en Stephen Cartwright.

Kinsto it einepykje fine? En sjochst de foarwerpen rûnom ek op de grutte plaat? Mei dit prachtige printeboek kinst oerenlang wille hawwe.

 


Sytske: “Dat it boek no, alwer in generaasje letter, noch hieltyd opnij drukt wurdt, seit wol wat oer hoe’t it ta de ferbylding sprekt.” Lês hjir de hiele resinsje fan Sytske oer dit boek.

Elisabeth: “Tûzen wurden is in prachtich boek om mei de bern mei wurden oan ’e slach te gean.” Lês hjir de hiele resinsje fan Elisabeth oer dit boek.