Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Yn eigen taal

Jan Minno Rozendal

Original price was: €25,00.Current price is: €15,00.

Details

Anders Minnes Wybenga – In biografy

In frij en selsstannich minske, rjucht en dreech. Foar lieder net geskikt, foar folgeling noch minder.

Sa is de kristen-Fries, stiet yn 1921 te lêzen yn Yn ús eigen tael, it hûsblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De tekst kaam fan de samler fan it tydskrift, Anders Minnes Wybenga (1881 – 1948). As gernier wie er in man fan it fjild, fan ’e natuer, in man fan it hurde bodzjen op ’e klaai boppe Dokkum. As dichter en skriuwer kaam er telâne yn ’e Fryske beweging, dy’t him nei 1900 sterk makke foar in grutter plak foar de Fryske taal yn it offisjele ferkear.

Benammen it hilligjen fan ‘e memmetaal wie foar de rjochtlinige kalvinist Wybenga it wichtichst. It kaam ûnder oare ta utering yn ’e earste folsleine psalmoersetting yn it Frysk, in libbenswurk dat him 15 jier lang dwaande hold. Syn rjochtlinigens siet him lykwols ek wolris yn it paad. It smiet troch de jierren hinne in protte striid op, wêryn’t net komselden freonen yn fijannen feroaren.

Author : Jan Minno Rozendal ISBN : 9789491971167 Pages : 265 Language : Frysk Publisher : KFFB Kategory: , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.
Oanbieding
Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.