Kategoryen

No products in the cart.

Tf - Wittenskip en Beweging, Skôgings oer libben en wurk fan Tony Feitsma

Redaksje Anne Tjerk Popkema e.o.

25,00

Details

It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn – letterlik – tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Ek hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy’t slim ôfwykte fan de gongbere.

It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken.

Meiwurkers:
Henk Meijering
Alex Riemersma
Jarich Hoekstra
Philippus H. Breuker
Arjen Versloot
Jan Noordegraaf
Anne Dykstra
Hindrik Sijens
Jan Popkema
Liuwe H. Westra

Author : Redaksje Anne Tjerk Popkema e.o. ISBN : 978 949 205 213 1 Pages : 256 Language : Frysk Publisher : Wijdemeer Format : ynbûn Kategory: , , .