Viva la Vis - Fiskgedichten yn soarten, maten en moaten
Eppie Dam
€17,50
Details
Viva la Vis! is in printeboek mei mear as fyftich fiskgedichten, skreaun troch Eppie Dam (1953-2026) en mei yllustraasjes fan Yke Reeder.
Sûnt syn debút yn 1978 hat Eppie Dam in ymposant literêr oeuvre opboud mei in grut ferskaat oan sjenres: berneboeken, sportsjoernalistyk, biografyen, mear as fyftjin dichtbondels, geastlike lieten, kantates, oersettings fan gedichten lykas fan William Blake en William Butler Yeates, songs fan û.o. Leonard Cohen en Joni Mitchell en lietteksten foar iepenloftspullen. De kwaliteit fan syn wurk is opfallend heech en waard fakentiden bekroand: ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis (2001) en de Gysbert Japicxpriis (2017), de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân.
It falt net ta om fisk te wêzen. Moatst foar en achter eagen ha, mar dy sitte oan ’e sydkant. Fiskeëagen bliuwe altyd iepen, ek asto wol sliepe wolst. En kin in fisk wol laitsje en gûle? Kinst nergens mei dyn triennen hinne want oeral is wetter. Meist fan gelok sprekke as it skjin is, al falsto dan wol hiel bot op. Rôvers lizze op ’e loer, behalve asto sels in rôver bist. Dan hapsto dalik ta. Soms happe minsken ta en wiestó de fisk. Lekker dan!
Yn Viva la vis besjogge dichter Eppie Dam (1953-2026), yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang (oeps! oare bubbel) de fiskewrâld fan alle kanten. Mei humor en fertriet. Dat is hoe’t it mei fisken sit. En mei minskefolk yn alle lannen, mei grutte boppe-wetter-plannen. Neist de Fryske nammen wurdt yn dit boek ek dy yn frjemde talen brûkt. Gjin wunder: fisken kenne gjin grinzen en swimme oeral hinne. Yn groepen of allinne.
Lekker eigenwiis
Speurnoazen yn Park Fiversburch
Het Skûtsjesilen - een inleiding
Hear fan 'e Miggen
De pakkyboat / Lichys in 't donker - Bildts
Sirkus PeM en de ûlewapper
Afke's Tiental - Strip
Beleefwandeling 'Van State tot Stek'
Sprookjes uit de Friese Wouden - Dam Jaarsma
Nee hast, ja kinst krije - It ferhaal fan De Lytse Yerke
De hooivogel - Waarom de grutto uit Nederland vertrekt
Betterskip, Stip!
Sprokies van Grimm in 't Stellingwarfs
Skoare by FC Top - Audioboek
Leavepop
Tomkes foarlêsfeest
It swetshok - Ferhalen fan in fjildman
Fryslân yn de Gouden Iuw - Opfettingen, Ideeën, Ferbylding
Op de grens van land en water
Historische Streekatlas NL - De ware schaal van Nederland
Beppe Gruffalo
De taal van recht en vrijheid
Stip syn graafmasine
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Stip syn moaiste ferhalen
De Fryske skiednis yn 11 & 30 finsters, diel trije
Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe.
Lêskoffer B Berneboeke-ambassadeur
Kaart: de alderleukste heit
Stip yn it swimbad
Pim en Pier
Gozert - yn it Frysk
Fisk