It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Tije

Mirjam van Houten

14,95

Details

* Nominearre foar de Simke Kloosterman Priis 2019 *

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt…

In boek foar bern fan 7 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Klik hjir om it boek yn te sjen

 


Tante Tjits: “‘Tije’ is in lekker (foar)lêsboek. Hiel herkenber foar bern fan de romte (lykas ik!) en foar bern út ‘e stêd (lykas dy fan my!). Alles belibbest mei Tije mei. Lûdop laitsje as juf op knibbels troch de skoaltún krûpt. De adem ynhâlde as Tije in grutte frachtwein stopje litte moat. En eefkes twa kear slikke as Tije him sa allinne fielt. De yllustraasjes dogge mei. Lyts en ienfâldich of paginagrut en sels troch de tekst hinne; altyd passend by it ferhaal.” Lês hjir Tante Tjits har folsleine resinsje.

Jitske: “It hat alles: spanning, aventoer, magysk tinken, skruten wêze mar dochs je wei fine yn in nije omjouwing. It wie in grut feest om dit boek te lêzen en foar te lêzen oan myn dochter Femke.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jitske.

Jeltje: “It boek Tije is echt prachtich. Yn earste ynstânsje fûn ik 96 siden bêst folle foar in berneboek, mar it lêst sa flot dat it jammer is dat it boek út is. De tekeningen passe by it ferhaal en de beleving fan de bern.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jeltje.