Kategoryen

No products in the cart.

By beppe útfanhûs

Mirjam van Houten

16,95

Details

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…

In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.

Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.

By beppe útfanhûs is bekroand mei de earste Diet Huberpriis, de priis foar it moaiste yllustrearre berne- of jongereinboek.

Sjoch foar de resinsje yn Op en Ut: https://www.youtube.com/watch?v=yeppmkxu-FM

Besjoch hjir in filmke fan Tjitsfloch wêryn it boek foarlêzen wurdt.


Wietske Siemensma: “De illustraties doen mij denken aan de momenten dat ik bij mijn pake en beppe logeerde. De inrichting van beppes huis dateert uit de jaren 80 en 90 van de vorige eeuw. Voor de jongere lezer geen probleem, zij gaan op in het verhaal en alles wat er samen door Maaike en beppe wordt beleefd. Voor de oudere lezer ofwel voorlezer leuk om een kijkje terug te nemen in de tijd en bepaalde voorwerpen te herkennen vanuit je eigen jeugd.” Lees hier de volledige recensie van Wietske.

Anne visser: “Beppe hat de hannen fol om foar ôflieding te soargjen. Pake is der net mear, tink ik. Dêr seit it ferhaal neat oer. De skilderingen wol. Op de side hast oan de ein fan it boek sjogge wy pake syn portret by it bêd fan beppe stean. En pake syn jas leit útsprate boppe op de tekkens.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Anne.

Jenny van der Meer: “Wat is dit in moai boek fan Mirjam van Houten. Der steane prachtige platen yn dy’tsto wiidweidich besjen en beprate kinst mei de bern. Ik ha it boek foarlêzen oan ús famke fan 5 jier. Us dochter fan 7 kin it boek al hielendal sels lêze. It is foar harren in werkenber ûnderwerp, want ús trije famkes geane ek witte faak by harren “beppe sûkerskeppe” útfanhús.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Jenny.

 

Author : Mirjam van Houten New label : 1 Pages : 24 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Mirjam van Houten ISBN : 9789493159686 Kategory: , , , , .