Moriaan, de Swarte Ridder
Lodewijk van Velthem
€17,50
Details
Moriaan, de Swarte Ridder, is net de Kweade yn persoan. Mar, bûten dat er in swarte rissing oan hat, hat er ek in hielendal swarte hûd. As sadanich jaget hy by in bulte minsken de skrik der yn. Mar net by Walewein en Lanselot, dy’t nei in earste skermessearring ienriedich mei him op ’en paad tsjogge, fral as se merke dat Moriaan in kristen is. De queeste fan Moriaan is dy nei syn heit Aglawal, de broer fan Persewal. Aglawal hat destiids as krúsridder by in Moarske frou in bern oanset. Hy hat syn eed fan trou oan de frou brutsen troch net wer by har werom te kommen, omt hy op syk moast nei de ferdwûne Lanselot.
No, fjouwerentweintich jier letter, komt Moriaan nei Brittanje om syn heit te sykjen, om syn mem dêrmei rjocht te dwaan, en om syn rjochtmjittich besit op te easkjen.
Yn dit aventoerlike ferhaal komme we alle bekende midsieuske eleminten tsjin, sa as in jonge faam yn it nau dy’t befrijd wurde moat, in rôversbinde, in klûzner dy’t rie jout, in meunster dat rûnom eltsenien yn ’e besnijing hat, en fansels in falske ridder. Om syn doel te berikken fjochtet Moriaan earst hiel wat ôf. En hoe’t it ôfrint … ?
In ferhaal fol eare en trou, goed en kwea, trochsetten, boete dwaan en oerwinnen. Mei in bulte psychologysk ynsjoch en in hast hjoeddeiske frisheid set de midsieuske skriuwer syn karakters en dialogen del. Treflik oerset troch Klaas Bruinsma, dy’t hjirmei al wer in peareltsje tafoeget oan syn rige fan oersette midsieuske titels: Marike fan Nijmegen, Floaris en Blankefloar, Walewein, Fergút.
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
De Woeste Hichten
Siderius de Granaet - in ut Dòkkumers
De Gouden Swipe - boek
Retro mûtse Reinier Paping (donkerblau)
De memoires van Simon Tette Hofstra
By beppe útfanhûs
Glans op het wad, Texel Vlieland Terschelling Ameland en Schiermonnikoog
De tsien fan Martens Afke - Strip
Boekelizzer: heit is myn held
Moard yn tsjerke
Kaart: Hoi Heit!
Einum
Stip syn moaiste ferhalen
Stip - knuffel Grut (33 cm)
Wêr is Stip
Terpen en Wierdenland - Erik Betten
De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder
De skilders fan it Fryske lân
Boekelizzer: heit
Sjoerd de Vries, een drieluik
Poster A4 Frysk Fries - heit
Kaart: Dream grut, lytse man!
Kaaihinger Beppe (mei Fryske flagge)
Floaris en Blankefloar