Kategoryen

No products in the cart.

Liet foar myn jonge - Audioboek

Riek Landman

15,00

Details

Lústerboek

De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei har eardere doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op. Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast.

4 cd’s.

Foarlêzen troch Hinke Wolthuizen.

Author : Riek Landman ISBN : 9789460380006 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Kategory: , , , .

Relatearre produkten