Krêft fan it folk - Diel 8 fan 'In Fryske Odyssee'
Willem Tjerkstra
€22,95
Details
Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysteriueze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986.
Yn Krêft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij ‘Prosesje yn it gûvernemint Koersk’ fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him ûnderdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij ‘Presidint Lincoln hâldt in rede’ fan de Frânske skilder Jean-Léon Gérôme sprekt ek fan ienheid, nei de skieding en boargeroarloch tusken de noardlike en súdlike steaten fan de Feriene Steaten.
Trije keunstners yn It Heidenskip litte yn de galery fan Minke Blomhof-Bonnema keunstwurken sjen dêr’t in protte folk op ôf komt: de krêft fan it doarpsfolk, hoewol’t ien fan dy keunstners op ôfstân bliuwt. It folk, grut of lyts, is altyd ûnderweis nei in bestimming dêr’t gjin sprake mear is fan de paradoks fan ienheid en skieding.
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
Kaart mei gedicht foar memmedei
Verborgen zee aanzichten - Beleving en beschouwing van kust, zee en schip
BOEM! Lytse Ûle
De sterkste fietskaart van de regio - Friesland
Wurdlist Noardfrysk
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
Kaart: Moaie dei!
Een tussenweg is er niet - Biografie Ds. J.H. Zelle (1907-1983)
Krystkaart: Noflike krystdagen!
Kaart: Do hast dyn jierdei!
Kaart: Foar dy!
No sa - Klaas Werumeus Buning
De keunst as útwei - biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)
Nee heb je, ja kun je krijgen - Het verhaal van de Lytse Yerke
De Blauwe Seilbokse - Kroniek van een curieus gezelschap
Wie ben ik?
Kaart: in machtige prachtige jierdei
Frisismenkaart: verjaardag / jierdei
Lykspul - Plysjeroman
Wês wiis mei nuvere houtsjes
Mei it mystearje, in Fryske Odyssee
Vier namen - De noodlottige verzetsgeschiedenis van mijn familie
De Vrije Fries, deel 105 - 2025
Dinie Boogaart - Verjaardagskalender
Jentsje Popma, kunstenaar met een missie
De Vrije Fries, Deel 103 - 2023
De schatkamer van Burmania
Fan in keninklik ferline - Diel 7 fan 'In Fryske Odyssee'